Nijs
Even byprate
It hat in drokke simmer west, mei de ôfrûning en tarieding fan ferskate projekten. Bygelyks it Fryske Kadoboek Seis Ses Zesse Ses, dat op freed 30 oktober feestlik presinteard wurdt by de start fan de Fryske boekewike.
De bondel 'Ofwiisd yn 'e hel' fan Tomas Dalgaard is sa goed as klear en ferskynt ein oktober by útjouwerij Hispel. De ôfrûne wiken ha ik it berneboek Camping Beppe fan Inge Besaris oerset en no moat ik noadich wer los mei de biografy fan Hindrik van der Meer. Ynkoarten begjint de twadde helte fan de Geller & Grûnwetter boektour, mei Gabriëlle Terpstra, Remco Kuiper, ZEA en Bert de Vries, en op snein 20 septimber ha wy de twadde edysje fan it Deade Dichters Deklamatoarium, dizze kear yn de tsjerke fan Lippenhuzen.
Deade Dichters Deklamatoarium 2026
Op snein 20 septimber is yn de Pitertsjerke fan Lippenhuzen de twadde edysje fan it Deade Dichters Deklamatoarium. Alve Fryske dichters drage wurk foar fan like folle ferstoarne Fryske dichters. Wy stean op harren skouders. Op de poster kinne jim lêze fan hokker dichters wurk te hearren is. Iksels mei foardrage út it yndrukwekkende oeuvre fan Tiny Mulder.
De middei begjint om 15:00 oere en de tagong is €10.
Der is aardich romte, mar reserveare is handich, dat kin fia in mailtsje nei deklamatoarium@hotmail.com.
Frysk kadoboek 2026
Op freed 30 oktober is de presintaasje fan it kadoboek Seis Ses Zesse Ses, op it Fryske boekefeest. De krekte lokaasje is noch net bekend, dat kinst hjir sa gau mooglik lêze.
De oare fiif skriuwers binne Gabriëlle Terpstra, Gerard de Jong, Johan Veenstra, Marije de Lange en Henk van der Veer.
It kadoboek is de hiele Fryske Boekewike, fan 31 oktober oant en mei 8 novimber fergees te krijen by oankeap fan op syn minst € 15,- oan Fryske boeken.
Geller en Grûnwetter Boektour
De twadde helte fan de toer rûnom de dichtbondel Grûnwetter fan Remco Kuiper en de roman Geller fan Gabrielle Terpstra giet los!
Mei dizze twa skriuwers sille Bert de Vries en ik noch trije kear op paad en wy ha muzyk derby fan ZEA. Op tongersdei 10 septimber, om 19:30 oere yn Boekhannel Grote Beer yn Frjentsjer, op snein 27 septimber om 15:00 oere yn Museum Drachten en op snein 11 oktober om 15:00 oere yn De Aarden Plaats yn Aldebildtsyl.
De tagong is altyd fergees.
Pingjum in de Vuurlinie
Op 29 april 2026 is de twadde druk ferskynd fan it boek Pingjum in de Vuurlinie, dat beskriuwt hoe't yn myn bertedoarp Penjum de Twadde Wrâldoarloch belibbe waard. Dizze twadde druk is in útwreide en oanpaste edysje.
Deade Dichters Deklamatoarium
Op snein 14 septimber 2025 mocht ik by it Deade Dichters Deklamatoarium yn de tsjerke fan Weidum wurk foardrage fan Aggie van der Meer. De ferzen fan dit kanon fan de Fryske literatuer, mei har skerpe trochsicht yn lytsminsklik hâlden en dragen en wrâldwide machtstruktueren, binne en bliuwe izersterk en aktueel. It wie my in eare!
Fryske Poëzy Slam 2024
Tongersdei 27 juny wûn ik de Fryske Poëzy Slam 2024 yn in grôtfol kafee De Gouden Liuw yn Tresoar. Yn de finale stie ik tsjin de eardere Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma. It publyk joech roazen oan harren favoryt en dat makket my ekstra grutsk op dizze priis!
'Foarrjocht' (foar Hjoed yn it park, 6-7-2024)
Hjirby in thúsopname fan it gedicht Foarrjocht, dat te sjen wie by it festival Hjoed yn it Park en ek dêrnei noch by guon kulturele barrens yn gemeente Waadhoeke.
Ik fyn it tema 'sosjale ynklúzje, ferskaat en mienskip' eins hiel dreech, want ferskaat en mienskip binne helder, mar sosjale ynklúzje is eins neat oars as in winsk. Ynklúzje bestiet net echt, ast it iene dochst, moatst it oare litte. Troch my spesifyk te freegjen om in Frysktalich gedicht dat ôfdrukt wurdt, slútst dus minsken bûten dy't gjin Frysk lêze kinne. Dat kin wêze om't se de taal net machtich binne, mar ek om't se troch wat foar oarsaak dan ek letterswak of sels analfabeet binne, of fisueel beheind. Wy tinke as minske oer it generaal te maklik. Eins hie ik ek skriuwe kinnen, miskien wol moatten, oer soasjale ûngelikens as gefolch fan earmoede. Fan te min ynkommen wylst alles djoerder wurdt, of as gefolch fan it bestimpele wurden as fraudeur, fan diskriminaasje, fan it plak dêr't dyn widze stie, dyn fermogen om in stúdzje te folgjen of wat dan ek. Wy diskusearje oer plak foar flechtlingen, wylst de diskusje noait giet oer al dy minsken dy't op strjitte libje om't harren libben troch ferskate krisissen yninoar fallen is. Wy prate net oer harren dy't yn psychyske need binne en gjin help krije en yn it isolemint reitsje. Wy swije oer minsken dy't beknypt reitsje yn burokrasy. Wy litte kultuer hearre en sjen op in prachtich fergees tagonklik festival, mar tinke net nei oer it feit dat bygelyks muzyklessen foar minsken mei in lyts ynkommen net mear weilein binne, dat kultuer skylk noch folle djoerder wurdt, dat kultuer en de byhearrende ynhâldlike 'diskusje' dêroer, it praten oer wat keunst mei je docht, op skoalle gjin plak mear hat. Dat dêrmei ek ús fermogen om ferskillende kanten fan in ferhaal te hearren en te sjen net opboud wurdt. Snapst wat ik bedoel? Soasjale ynklúzje is in prachtich wurd, mar de grutte ûngelikens dy't der yn ús maatskippij is, bestiet by de graasje fan ús kapitalistysk grut tinken en dêr wurdt oan foarby gien.
Ik soe sa noch in oere trochskriuwe kinne, de grutte ûngelikens yn de wrâld en dus yn de eigen omjouwing is wat dat my ôfgryslik heech sit.
Hawar, mei dit fers besykje ik it tema fan ûngelikens op in wize oan te snijen dy't tichter by leit, better te behappen is. Jim sjen lit hoe 'lyts' it wêze kin.






